Bekijk het laatste nieuws op onze coronapagina, ontdek meer over vaccineren en lees meer info voor zorg- en onderwijsprofessionals.

Ynformaasje yn it Frysk

It faksinearjen tsjin it koroanafirus is yn folle gong. Mei in faksinaasje tsjin it koroanafirus beskermest dysels, mar ek dyn famylje, freonen en de kwetsbere minsken om dy hinne. Sa soarget it faksinearjen derfoar dat we stapke foar stapke mear frijheid weromkrije.

Op deze pagina lees je meer info over:

Faksinaasjelokaasjes 

Op dit stuit beskikt GGD Fryslân oer fjouwer faksinaasjelokaasjes ferspraat oer Fryslân. Ek rydt in faksinaasjebus fan de GGD troch Fryslân dy’t alle kearen in oar plak oan docht. Kinst sûnder ôfspraak yn de bus komme foar in faksinaasje. Nei de prik wurdt fuort in ôfspraak ynpland foar in twadde prik. De bus stiet dan wer op itselde plak. By dizze weromkomdei is der ek beheind romte om earste prikken te setten.

Prikke sûnder ôfspraak

Op de faksinaasjelokaasjes yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits kinst sûnder ôfspraak dochs in prik helje tsjin it koroanafirus. It giet om in mRNA-faksin, it is net mooglik om op dizze lokaasje te kiezen foar Janssen.

Der binne saakkundigen op de lokaasje oanwêzich om foarljochting te jaan of fragen te beäntwurdzjen. It oanbod ‘prikke sûnder ôfspraak’ is allinne jildich foar minsken dy’t noch gjin ôfspraak makke hawwe en dus har earste prik noch net ûntfongen hawwe. Hast op in oar plak al in ôfspraak stean, mar wolst wol gebrûk meitsje fan ‘prikke sûnder ôfspraak’? Annulearje dy ôfspraak dan earst fia 0800-7070.

Tink derom: bist wolkom foar in prik sûnder ôfspraak oant in oare foar slutingstiid. De lêste oere is inkeld foar minsken mei in ôfspraak, sa foarkomme we dat we faksins fergrieme.

Mear witte? 

Hast fêst al in soad lêzen en heard oer it koroanafaksin. It RIVM en de Ryksoerheid beäntwurdzje de meast stelde fragen oer it faksin op harren webside en wurkje dizze antwurden hieltyd by. Hast in fraach? Sjoch foar mear ynformaasje op www.coronavaccinatie.nl. Kinst ek belje mei it lanlik ynformaasjenûmer 0800-1351.

Sjoch foar mear ynformaasje de ynformaasjefolders:

Besjoch ek de ynformaasje fan Steffie, sy leit alles út en fertelt oer:

""